Fuotbal sit skûtsjefeest dwers

05 aug 2010 - 16:53

Hoarekaûndernimmers op It Hearrenfean binne teloarsteld yn de gemeente, no't it feest nei de huldiging fan de bemanning fan it Hearrenfeanster kampioensskûtsje net trochgean mei. Dat soe sneon wêze. De gemeente wol dat de ûndernimmers it feest yn it sintrum skrasse om't SC Hearrenfean dy jûns fuotballet tsjin PSV.

De huldiging sels giet wol troch, mar dêrnei moat de hoareka alles oprêde. De ûndernimmers hiene in grut feest mei artysten hawwe wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)