Brouwer wis kampioen SKS

Der waard in trijehoek syld
De Jouwer hat tongersdei it SKS skûtsjesilen wûn op it wetter by De Lemmer. It Hearrenfean waard twad en is dêrmei wis fan it kampioenskip fan 2010. De foarsprong fan It Hearrenfean op rivaal De Jouwer is net mear yn te heljen. Snits kaam as tredde oer de finish.
Trije skûtsjes hiene by de finish in protestflachje yn it want: Súdwesthoek, Langwar en Wâldsein. Freed wurdt de finale fan de SKS syld.