PC-bestjoer: it koe wól

It bestjoer fan 'e PC yn Frjentsjer stiet noch hieltyd fjouwerkant achter de beslissing om de keatspartij trochgean te litten. Dêr is no, in dei letter, in soad krityk fan spilers en begelieding op kaam. Yn alle gefallen rekken trije keatsers blessearre op it wiete en tige glêde fjild.
Fysioterapeut Eijzenga sei dat it medysk sjoen net ferantwurde wie om troch te keatsen. Mar neffens PC-foarsitter Westra hat it belang fan 'e spilers altyd foarop stien.