Nachtlike huldiging PC-winners

05 aug 2010 - 15:13

It winnende partoer fan 'e PC is woansdeitenacht yn Holwert huldige. De PC duorre net allinnich lang foar de keatsers, mar ek foar de ynwenners fan Holwert. De kening, Gert-Anne van der Bos, komt út it doarp en dy moast huldige wurde. It wie hast tolve oere doe't de winners yn Holwert oankamen. Njonken Holwerter Gert-Anne van der Bos kamen ek syn maten Taeke Triemstra en Daniël Iseger mei. It ritsje mei de koets waard dizze kear oerslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)