Underskieding foar ferwûne

© Omrop Fryslân
Siebolt Hoomans út Harns hat it Draaginsigne Gewonden krigen út hannen fan boargemaster Paul Scheffer. Hoomans hat foar de keninklike marine útstjoerd west op VN-missys yn Irak en Kambodja en is dêrby ferwûne rekke.
De ûnderskieding is yn 1990 yn it libben roppen. Hy wurdt útrikt troch de stifting Het Veteraneninstituut. It regear wol mei de ynsynje respekt betoane oan minsken dy't ûnder tsjinsttiid ferwûne rekke binne.