Blau-alch by Ljouwert
Yn it bûtenwetter fan rekreaasjegebiet De Lytse Wielen yn Ljouwert is blau-alch fûn. De provinsje hat in negatyf swimadvys ôfjûn foar it swimplak. Swimmen en baaien wurdt sterk ôfret.
De blau-alch kin neidielige gefolgen hawwe foar de sûnens. Om it negative swimadvys dúdlik te meitsjen steane der buorden op 'e wâl.
Trefwurden:
argyf