Skiedsrjochter sakke foar test

05 aug 2010 - 14:08

De skiedsrjochter dy't sneon Hearrenfean-PSV fluitet, is sakke foar de jierlikse KNVB-spulregeltest. Twa skiedsrjochters út it betelle fuotbal wisten by de test net genôch oer de regels. Dat wiene Pieter Vink en Ruud Bossen. Vink sil dit wykein yn it Abe Lenstrastadion op It Fean de earste kompetysjewedstryd fan Hearrenfean yn it nije seizoen liede. Dat bliuwt ek sa, want beide skiedsrjochters krije noch in herkânsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)