Sneker Simmer lytser fierder

05 aug 2010 - 14:03

De Sneker Simmer moat nei takom jier fierder yn in light-fariant. It kulturele programma hat foar fiif jier subsydzje fan it noardlik gearwurkingsorgaan SNN en de gemeente. Mar dat wie neffens kertiermakker Van der Knaap ienmalich. Besunigings meitsje it ek dreech om jild te finen.

Van der Knaap leaut wol yn in ferfolch en yn stipe fan de nije Súdwesthoeke-gemeente. Dit jier is de fjirde Sneker Simmer. Mei-inoar hawwe de edysjes 200.000 besikers nei Snits lutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)