Spoorflex eefkes op sydspoar

05 aug 2010 - 12:33

Meiwurkers fan it detasjearingsbedriuw Spoorflex meie foarearst net op it Nederlânske spoar wurkje. ProRail hat it bedriuw foar op syn minst fjouwer wike skorst nei in ûngelok mei in trein yn Starum. Dy ried troch in stjitblok en dwers troch in wettersportwinkel hinne.

ProRail seit dat der al earder ynsidinten wiene yn oare dielen fan it lân. De skorsing seit ek wer net dat Spoorflex skuldich is. Spoorflex moat no mei in ferbetterplan komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)