'PC fan juster ûnferantwurde'

It wie medysk ûnferantwurde om 'e PC trochgean te litten. Dat seit fysioterapeut Jelle Eijzenga. Troch it wiete waar feroare it fjild yn in drekboel. Trije keatsers rûnen blessueres op dy't ta te skriuwen binne oan dat minne fjild. Eijzenga hat ek keatsers yn behanneling.
De organisaasje hie de wedstriid ôfsizze moatten fynt Eijzenga. De organisaasje stiet noch altyd achter it beslút om wol troch te keatsen.