Lizzende man op dyk deariden
In 60-jierrige Poal is woansdeitejûn om it libben kaam doe't er oanriden waard yn Aldetrine. De man lei midden op 'e dyk. In frou út it doarp ried him dêr oan mei de auto.
De Poal is nei alle gedachten yn sliep fallen. Tsjûgen seine dat de man tefolle alkohol dronken hawwe soe.
De automobiliste is opfong troch Slachtofferhulp.