Friezen: pakkâns drank grut

05 aug 2010 - 08:55

Fryske automobilisten tinke dat de kâns dat se troch de plysje betrape wurde mei tefolle drank op grutter is as gemiddeld yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it buro Intomart, yn opdracht fan de plysje. By dat ûndersyk waarden 10.000 minsken nei har miening frege.

Friezen tinke dat de pakkâns by alkoholgebrûk hjir grutter is omdat der faker kontrolearre wurde soe en omdat dêr in soad publisiteit oer is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)