Dave Huymans nei FC Dordrecht

05 aug 2010 - 08:31

SC Cambuur-spiler Dave Huymans wurdt dit jier ferhierd oan FC Dordrecht. De middenfjilder kaam yn Ljouwert net in soad oan spyljen ta en mocht dêrom fuort. FC Dordrecht is ek de earste tsjinstanner fan Cambuur yn de kompetysje.

Huymans hat by Cambuur noch in trochrinnend kontrakt oant 2012. Hy skoarde oant no ta ien kear yn 13 wedstriden foar de Ljouwerters. Ek oanfaller Jeffrey de Visscher mei noch ferhierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)