Gjin rektifikaasje De Jong

05 aug 2010 - 07:09

Filmprodusint Klaas de Jong hoecht útspraken oer autoferhierder Fliervoet net te rektifisearjen. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in koart pleit dat troch Fliervoet oanspand wie. Dy woe dat De Jong opdracht krige útspraken oer bedriging en ôfparsing troch Fliervoet te rektifisearjen.

Beide partijen hawwe in skeel oer rekkens foar de film 'De Hel van '63'. Neffens de rjochtbank moat der mear ûndersyk dien wurde nei de útspraken mar kin dat net by in koart pleit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)