Wurktreinen meie wer ride

De wurktreinen fan it Switserske bedriuw Speno meie wer oer it Nederlânske spoar ride. De Ynspeksje Ferkear en Wettersteat hat dêr tydlik en ûnder betingst tastimming foar jûn.
De treinen meie net mear selstannich ride, mar moatte troch in lokomotyf mei in Nederlânske masinist lutsen wurde. Ferline wike snein knalde in ûnderhâldstrein fan Speno troch in stjitblok by it stasjon fan Starum en rjochte in ravaazje oan.