Fakânsjehûs leechhelle

04 aug 2010 - 18:30

In 42-jierrige man út Ljouwert hat 80 oeren wurkstraf krigen foar it leechheljen fan in fakânsjewente yn Diever. De rjochtbank yn Assen hat dêrneist besletten dat de man in skeafergoeding fan 3500 euro betelje moat foar it fernielen fan in kezyn en muorren yn de wente.

De Ljouwerter hierde it fakânsjehûs yn 2007, mar hy ferkocht it guod dat deryn stie en rjochte de wente yn as himpkwekerij. Dêrfoar krige de man earder al 60 oeren wurkstraf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)