Grou wint SKS by De Lemmer
Grou, mei skipper Douwe Visser, hat de SKS-wedstriid wûn by De Lemmer. Tiisdei moast Grou de wedstriid noch ferlitte mei in kapotte wetterstange. Twadde waard woansdei Hearrenfean en tredde Earnewâld.
De nûmmers twa en trije fan it klassemint, De Jouwer en Boalsert, waarden achtste en tsiende. It wie in rûge wedstriid mei hurde wynstjitten. Dêrtroch waard de start oant twa kear ta útsteld.
Trefwurden:
argyf