Cambuur noch yn gefaresône

04 aug 2010 - 16:22

Cambuur stiet noch altyd ûnder kuratele fan fuotbalbûn KNVB. De klup stiet op 'e list mei noch tolve oaren. Earder fan 'e wike wie der noch sprake fan dat Cambuur yn de feiliger kategory 2 sitte soe, mar dat is noch net sa.

De klups yn kategory 1 moatte harren finansjele saakjes binnen trije jier wer op oarder hawwe. Oars kin it KNVB de lisinsje ynlûke. Cambuurdirekteur Pama ferwachtet dat de klup yn oktober oergiet nei de feiliger kategory 2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)