2009 goed jier eksport-poaters
Foar Fryske poatierappels wie 2009 in goed jier. De eksport út hiel Nederlân is mei 8 prosint tanaam oant oer de 7 ton. Fanwege it minne waar en de lege prizen naam de eksport nei Súd-Europa wol ôf. Mar yn Noard-Afrika wiene de prizen wol hiel goed. Dêrtroch wie 2009 dochs in goed eksportjier.
Yn 2003 waarden foar it lêst oer de 7 ton poatierappels eksporteard. It is noch net dúdlik oft dit jier wer sa'n goed eksportjier wêze sil.
Trefwurden:
argyf