Fragen oer ferboujild stadion

04 aug 2010 - 15:05

De FNP op It Hearrenfean wol fan it gemeentebestjoer witte hoe't it komt mei it ferboujild foar it Abe Lenstrastadion as Nederlân yn 2018 it WK fuotbaljen organisearje mei. Boargemasters fan 'e fiif spylstêden soene harren mei hântekens garant steld hawwe foar 60 prosint fan de mooglike boukosten. Dy lizze op sa'n 35 miljoen euro. Dat meldt RTL Nieuws.

De FNP-riedsfraksje wol witte oft dat wier is en hokker konsekwinsjes dat hawwe kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)