'CDA slemyl rjochts kabinet'
It minderheidskabinet mei VVD en CDA mei stipe fan de PVV sil der komme. Dat ferwachtet prominint CDA-er en politikolooch Sytze Faber fan Ljouwert. Faber tinkt net dat it Keamerdebat woansdeitemiddei in soad úthelje sil.
Faber is sels foarstanner fan in saneamd ekstra-parlementêr kabinet. Dat is in regearing dy't net oan partijen bûn is, mar op ferskate beliedsterreinen in mearderheid yn de Keamer siket.
Trefwurden:
argyf