Oanhâldings nei profronde

De plysje hat tiisdei nei de profronde fan Surhústerfean fjouwer manlju oanholden. Se wiene belutsen by ferskate fjochterijen. Twa jonges fan 17 en 18 jier út Droegeham en De Houtigehage rekken by in fjochtpartij ferwûne. Se binne nei it sikehûs yn Drachten brocht.
Neist oanhâldings hat de plysje ek sa'n tweintich bekeurings útdield, ûnder oare oan minsken dy't dronken op strjitte rûnen en oan oaren dy't pissen op plakken dêr't dat net mei.