Frjentsjer klear foar PC

(foto: argyf)
Frjentsjer is klear foar de 157e PC. Fan 'e moarn is it fjild foar de lêste kear ynspekteard. Neffens tradysje wurdt de PC-dei iepene mei in resepsje yn de Koarnbeurs en in taspraak fan PC-foarsitter Johannes Westra.
Dêrnei wurdt it winnende partoer fan ferline jier mei in koets nei it Sjûkelân brocht. Om healwei tsienen begjinne de earste twa partijen. Der wurde hjoed goed 10.000 keatsleafhawwers yn Frjentsjer ferwachte.