Andy Schleck wint Profronde

De Lúksemboarger Andy_Schleck hat tiisdeitejûn de profronde fan Surhústerfean wûn. De nûmer twa út de lêste Tour de France bleau yn de spannende einfaze Robert_Gesink en regionaal favoryt Lieuwe_Westra foar.
Schleck is yn Surhústerfean de opfolger fan Tourwinner Alberto_Contador, dy´t ferline jier de bêste wie. Schleck is de lêste dagen súksesfol yn de kriteariums. Moandeitejûn wie er ek al earste yn Roosendaal.