Sjongen leare út it boekje

© Omrop Fryslân
Der leit sûnt koart in boek yn de winkel dat sjongers helpt om better te sjongen. It boek 'Natuurlijk Zingen' is skreaun troch âld-operasjongeres Willemke van Claerbergen út Dokkum. Sy makke furoare mei grutte opera's yn hiel Europa.
Yn har boek steane tips foar sawol de profesjonele- as amateursjonger. De klam leit benammen op it ûntspannen sjongen. It hiele liif moat frij wêze fan spannings om de moaiste klanken te produsearen.