Fermiste man is ferdronken

De haven fan Makkum (foto: Omrop Fryslân)
De 71-jierrige man út Nijmegen, dy't sûnt sneontejûn yn de haven fan Makkum fermist waard, is oan it begjin fan de jûn troch famylje fûn. De man is ferdronken.
Sneontejûn gie de man nei de wc yn it havengebou, mar doe't er net weromkaam hawwe syn freonen de plysje warskôge. Dy binne fuortendaliks begongen mei in grutte sykaksje. Oant moandeitemiddei is nei de man socht, ûnder oare mei dûkers, hûnen, sonarapparatuer en in helikopter.