Menamer frou wer fûn

03 aug 2010 - 17:54

De 46-jierrige frou út Menaam dy't tiisdei sûnt it begjin fan 'e middei fermist waard, is wer fûn. Minsken seagen har by in benzinestasjon en warskôgen de helptsjinsten op 112. De frou wie yn 'e war en is mei de ambulânse nei it sikehús yn Ljouwert brocht.

De frou wie út de Sibrandus Leostrjitte yn Menaam weigien. Se wie bot oerstjoer en hie 75 ienheden ynsuline ynnommen. Se soe dêrtroch yn koma reitsje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)