Hearrenfean wint by Ealahuzen

03 aug 2010 - 16:18

It skûtsje fan It Hearrenfean mei skipper Pieter Brouwer hat de achtste wedstriid fan it SKS-skûtsjesilen wûn by Ealahuzen. Twads waard Snits en treds Boalsert. It Hearrenfean rint dêrmei út yn it klassemint.

Grou lei út 'e wedstriid nei in oanfarring mei Wâldsein. De wetterstange fan Grou wie dêrtroch stikkengien. Lêste yn 'e wedstriid waard Langwar. Boalsert en de Súdwesthoeke hawwe in protestflagge ophongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)