Piet Jetze Faber baalt fan PC
Ald-topkeatser en mearfâldich PC-winner Piet_Jetze_Faber giet net nei de PC. Hy is ûntefreden oer de kaarten. Faber hat minsken by him dy´t om sykte geregeld nei it húske moatte en wol graach op ´e earste rige sitte. De lêste jierren krige er dy plakken wol. Hy moatst der hieltyd achteroan.
De organisaasje seit no dat der lotte wurdt om ´e plakken. Faber hat syn twifels by dy lotting. Guon oare keatsers sitte wol alle jierren op deselde plakken, seit er.
Trefwurden:
argyf