Man fermist yn haven Makkum
In wetterrekreant (71) út Nijmegen wurdt sûnt sneontejûn fermist yn Makkum. Doe't er net weromkaam fan 'e wc yn it havengebou, warskôgen syn freonen de plysje. Dêrop kaam in grutte sykaksje mei dûkers op gong.
Snein binne in drêchteam en speurhûnen ynset. Boppedat is in pear kear mei in helikopter nei de fermiste socht. Moandei is nochris mei in speurhûn yn in grutter gebiet socht, mar sûnder resultaat. In misdriuw wurdt útsluten.
Trefwurden:
argyf