Rjochtsaak tsjin hurdfarder

03 aug 2010 - 14:10

In 42-jierrige man út De Pein hat in boete krigen fan 680 euro foar roekeleas farren. Ferline jier fear de man mei seker 60 km oer it wetter tusken Burgum en Drachten dêr't net hurder fearn wurde mei as 6 kilometer yn 'e oere. De Peinster hie boppedat te folle alkohol dronken en soarge foar gefaarlike situaasjes.

De hurdfarder hat spyt fan wat er dien hat. Neffens him gie it om in ympulsive aksje. De advokaat giet net yn heger berop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)