Easterlittens as filmdekôr

Yn Easterlittens wurdt de dramasearje 'De geheimen van Barslet' fan 'e NCRV en de NPS opnaam. It doarp is in 'autentyk Nederlânsk doarp mei in plein en in kafee' en dat socht de produsint. Boppedat woene doarpsbelang en de gemeente Littenseradiel graach meiwurkje.
De searje giet oer in mysterieus foarfal yn it idyllyske doarpke Barslet. De opnamen binne fan augustus oant novimber. Maitiid 2012 is de searje te sjen op Nederlân 2.