Krimp op Skiermûntseach

03 aug 2010 - 12:36

It befolkingsoantal fan de gemeente Skiermûntseach stiet ûnder druk. Dêrom komt it gemeentebestjoer mei maatregels om mear ynwenners te lûken. Dy moatte derfoar soargje dat in tal bewenners groeit fan 940 nei mear as 1000. De gemeente wol benammen graach húshâldings mei bern hawwe.

De gemeente hopet boppedat minsken te lûken dy't op 'e fêstewal wenje, mar op it eilân wurkje. Der binne op Skiermûntseach tritich nije hierwenten boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)