Plysje foarkomt ynbraken

In 18-jierrige ynwenner fan Koartehimmen is moandeitemiddei op 'e Meeuwenleane yn Snits oanhâlden. De jongeman hearde by in groep fan trije manlju dy't harren fertocht gedroegen. Se loerden yn huzen op en skreaunen op wat se dêr seagen. De plysje spruts de groep op 'e Parkstrjitte oan.
Bliken die dat de man út Koartehimmen folle faker ynbrutsen hie. Hy hie him melde moatten by in ynrjochting fan justysje.