Man filmet plysje mei gsm

In 30-jierrige man út Beetstersweach is moandeitejûn oanhâlden om't er ûnder it autoriden in plysjeauto filme mei de mobile telefoan. De man ried mei syn auto achter de plysjes oan en filme harren.
De plysjes setten de man op 'e Noarderhegewei yn Drachten oan 'e kant. Hy koe him net identifisearje en waard meinaam nei it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.