Plan foar nije ekodoarpen

© Omrop Fryslân
De stifting PRO wol yn Fryslân twa nije ekodoarpen bouwe. Dat binne Dykdoarp by de Ofslútdyk en Azevendorp net fier fan It Hearrenfean. PRO komt op foar rjochtfeardigens en ûntwikkeling. Yn hiel Nederlân wolle se acht duorsume doarpen realisearje. Grutste stroffelstien is dêrby de oankeap fan grûn. Yn oktober komme der twa ynformaasjemiddeis oer de ekodoarpen. Twa gemeenten yn 'e Noardeastpolder en Drinte soene al belangstelling hawwe.