Twa ferwûnen by Feinsum

03 aug 2010 - 09:45

Op de Brédyk by Feinsum binne tiisdei om healwei njoggenen twa minsken ferwûne rekke by in frontale botsing. By it ûngelok wiene trije auto's belutsen. Twa dêrfan botsten frontaal opinoar. Ien fan 'e bestjoerders kaam fêst te sitten yn 'e auto. Hy is swierferwûne nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De ferwûnings fan it oare slachtoffer foelen ta.

De helptsjinsten wiene massaal útrukt en de traumahelikopter is ynskeakele. De dyk hat in skoft ôfsletten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)