Jouster gemeentehûs tagonklik

02 aug 2010 - 17:25

It gemeentehûs fan Skarsterlân hat moandei as lêste fan mear as 200 bedriuwen en ynstellings in stikker op 'e doar krigen om dúdlik te meitsjen dat de foarsjenningen goed te berikken binne foar minsken mei in beheining.

Dy aksje is it inisjatyf fan twa leden fan it kliïnteplatfoarm fan helpmiddelesintrum Fryslân dat sels yn de gemeente wennet. Se ha 244 bedriuwen besocht en test. Dêrfan foldogge no 206 oan de easken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)