SC H'fean werom yn begrutting

Robert Veenstra
SC Hearrenfean giet trije miljoen euro werom yn de begrutting. Fan 29 nei 26 miljoen euro. Dat makke foarsitter Robert Veenstra moandei bekend op de parsedei fan de klup. Fierder sei Veenstra op syn earste wurkdei dat de doelstelling foar takom seizoen opnij it heljen fan Europeesk fuotbal is.
Veenstra woe net lang stilstean by it ôfrûne seizoen. "It is saak om fan it ferline te learen, mar de blik moat rjochte wêze op de takomst."