Earnewâld winner heger berop

02 aug 2010 - 13:44

Skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld hat sukses boekt mei it heger berop dat er oanspand hie tsjin Wâldsein. De útspraak moandei fan de sylried wie ûnbeslist. Pietersma krijt dêrtroch gjin fjirtjin strafpunten. Hy kin se ferfange troch de twa punten foar syn twadde plak op De Feanhoop.

It protest gie oer de flugge wâlstart dy't neffens de Wâldseiner skipper Ype van der Meulen ûnearlik ferrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)