Fûgelgryp troch wylde fûgels

02 aug 2010 - 12:19

Wylde fûgels binne nei alle gedachten de boarne fan de besmetting fan de twa Fryske plomfeebedriuwen mei in fariant fan de fûgelgryp. Dat stelt firolooch Huub Koch fan it sintraal feterinêr ynstitút yn Lelystêd. Dat ynstitút hat it firus ûntdutsen.

Wierskynlik wie de earste útbraak al yn febrewaris by in oar hinnebedriuw. Yn it bloed fan dy hinnen binne antystoffen tsjin it firus fûn. By in neier ûndersyk binne besmettings fûn by de bedriuwen yn Parrgea en Skuzum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)