Seachmûne Driezum ôfbrutsen

02 aug 2010 - 12:07

De seachmûne yn Driezum wurdt moandei ôfbrutsen. De mûne is yn 2005 boud as hindernis by de hynstedagen. Om't elk ûnder de yndruk wie fan it bouwurk is der doe in fergunning oanfrege en dy hat de gemeente Dantumadiel jûn, foar fiif jier. No't de fergunning ferrint wurdt de mûne ôfbrutsen.

De organisaasje is dêr net rouwich om. It bouwurk fersakke al wat en eins ha se wol wer sin oan in nije útdaging. Wat der oare jier op it plak fan de mûne stean sil is noch in geheim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)