Noch gjin reeën oanriden

02 aug 2010 - 11:34

Yn Súdeast Fryslân is de ôfrûne wiken noch gjin inkele ree deariden. Steatsboskbehear meldt moandei dat yn Grinslân al hast 40 reeën deariden binne sûnt de bisten oan it pearjen binne. Dy peartiid begûn sa'n twa wike ferlyn en duorret oant septimber.

Mantsjes binne dan faak oan it swalkjen en wolle noch wolris op 'e dyk bedarje. De kâns is dan grut dat automobilisten se oanride. Neffens Steatsboskbehear is der de kommende wiken wol in risiko op oanridings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)