Orka Morgan makket it goed

It giet goed mei de orka Morgan. De 2 jier âlde orka waard ein juny út de Waadsee rêden en nei it Dolfinarium yn Hurderwyk brocht. Morgan hie in ynfeksje en wie flink ferswakke. Hy is mei sukses behannele foar in lintwjirm en yt in soad fisk. Morgan weaget op dit stuit mear as 500 kilo. Der moat noch sa'n 150 kilo by.
Sûnt freed mei der elke dei trije oeren lang publyk by Morgan. It Dolfinarium hâldt wol goed yn de gaten dat Morgan gjin lêst hat fan de minsken.