Opnames film Amelân begûn

02 aug 2010 - 11:15

Op It Amelân is moandei begûn mei de opnames fan de film Pennys Shadow. De filmset is boud by de Stayokay by Hollum. In stik dyk is ôfset sadat de filmmakkers ûnder it opnimmen net steurd wurde.

De film fan Steven de Jong is bassearre op in barren út 1979. Foar de eagen fan de eigners en tsientallen badgasten ferdronken seis hynders yn see dy't dwaande wiene in rêdingsboat yn it wetter te slepen. De opnames op It Amelân sille in wike as sân duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)