Amsterdammer rydt fierste hurd

02 aug 2010 - 10:07

In 45-jierrige Amsterdammer is sneintejûn syn rydbewiis kwytrekke nei't er mei 194 kilometer yn de oere by Frjentsjer oer de A31 raasde. De plysje kontrolearre dêr op snelheid.

Neist de Amsterdammer krigen twa bestjoerders in proses-ferbaal om't se mei 157 en 160 kilometer yn de oere it kontrôlepunt passearren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)