Yllegale kampearders op 'e bon

Fjouwer jonges út Súd-Hollân binne sneintenacht bekeurd foer it yllegaal kampearjen op Flylân. Trije oare mannen, dy't mooglik by dy fjouwer jonges hearre, krigen in proses-ferbaal om't se yn de bagaazjewein fan de fearboat leine te sliepen.
De groep wie earder fan de kemping ôfstjoerd om't de jonges net betelje woene. Dêrnei hiene se trije tinten delset oan de Kampwei. It giet om jonges fan 17 oant 19 jier út Rotterdam en Capelle aan den IJssel.