Lytse Foks wint flintertelling

01 aug 2010 - 16:28

De Lytse Foks, de Atalanta en de Lytse Wite Koalflinter, dat is oant no ta de top trije fan de túnflintertelling yn Nederlân en België. Dit wykein telden túzenen minsken, wêrûnder ek in groep Friezen, alle flinters yn de eigen tún.

De resultaten wurde brûkt om te besjen hoe't it mei de natuer giet, want deiflinters reagearje gau op feroarings yn it miljeu en it klimaat. It liket dit jier lykas ferline jier in goed jier foar de túnflinters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)