Lilke man slacht rút yn

01 aug 2010 - 14:41

In 56-jierrige man fan De Jouwer hat sneontejûn út lilkens in rút fan in restaurant oan de Smidstrjitte yn Starum ynslein. De man woe dêr in hapke ite en waard poer doe't bliken die dat it restaurant ticht wie.

De man is oanholden op fertinking fan fernielerij en krige in proses-ferbaal. In 37-jierrige man út Starum hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)