Telefoan as streamstjitwapen

01 aug 2010 - 14:32

In 38-jierrige man út Drachten is sneontenacht oanholden omdat syn telefoan gjin telefoan wie mar in streamstjitwapen. De man bemuoide him op de Noardkade yn Drachten mei in rûzje tusken in tal oare persoanen en helle dêrby in telefoan út de bûse. Hy rjochte dy op omstanners en doe die bliken dat it om in streamstjitwapen gie dat yn wurking kaam.

De plysje waard warkôge en dy koe de partijen út elkoar helje. De Drachtster is oanholden en fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)